By it rizen fan de sinne
stekke tûken hegerop
as hearden se de maitiidsrop,
in stim om út te rinnen.
Wylst de strielen fierder glide,
komt de stamper yn ’t fizier
om mei it tûkebosk te striden,
want ambysje bringt it fier.
Stielen klappen út ‘e hichte
litte trilje de natoer:
in fûnemint foar lange doer,
der wurdt in skoalle stichte.
As natoer wurdt ta in tûke
fan de eale wittenskip,
dan winne tûken wer oan grip
en is de stamper stûke.
|