De moarntiid docht it sûnder lûd,
mar ropt wol âlde bylden op
lykas de foto’s mei twa tinten:
in laden skip fan kop
oant kont yn sinnegloed.
It beaken stiet foar hjir begjint
de rûte nei it deistich brea
en sneins in bôle mei tsien krinten;
in bealgjen oant de dea
it fan it libben wint.
En no’t de sinne heger riist,
de himel liket sûnder wolk,
fertelt de float oer amper rinte
foar hjerst- en winterfolk,
wat op resesje wiist.
|