Fan beide kanten is ’t ferbean,
mar wêrom soe ’t net meie
as se om de kûlen hinne rydt?
En komt de plysje, sy bliuwt stean
en sil der net omhinne draaie.
Se wennet simmers op it skip
en moat in flink ein fytse
fan de fûgelhut nei skoalle ta,
mar sa op reis fynt se wol hip,
sy heart net langer by de lytsen.
Sa ûnderweis hat se wol praat,
ropt earst: ‘Moai waar te rinnen,
net?’ Dan komt har eigen reisferslach
fan skoalletoets oant Tim as maat,
fereale wêze moat dochs kinne!
En dan, ’t is wier, ’t leit yn har aard:
op reis en oeral hinne,
liedster mei har Tim as topsongmaat. |