Se kamen mei in brede wjukslach,
saaiden op ‘e lampen del
en skieten dy mei flutswyt ûnder,
seagen op it libbenslytse del
en skôgen op harsels foar wûnder.
De eachopslach wie lykwols sûnder
skerpte yn it reidfjild op,
sy moasten ’t ha fan ’t wide eachweid,
draaiend mei har eigenwize kop,
net wittend wat stil siet yn ’t weachreid.
Doe klonk hiel sêft de earste kielslach
fan it sjongerke yn ’t reid,
noch jong, foar ’t libben ûnbefongen,
ûnbekend mei wat út hichten saait,
stil harkjend hoe’t de âlden songen.
|