Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Puberdea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De beide dragers wachtsje
swijend yn it stimmich swart
en binne foar it lêste klear
lykas geregeld moat,
it giet úteinlik om de ear
nei al it jeugdich jachtsjen.

De sprekker kin net swije
oer in libben yn de groei,
mentaal sawat al heal folslein,
mar brutsen yn de bloei
en dus betiid al oan de ein,
dêrfoar in koart skoft lijen.

Dêr leit er tusken fearren,
brún noch troch de puberteit,
fysyk wol sterk, mar fierste wyld
yn ’t racen oer it reid,
net remje, tsjin in beam fersyld,
dochs wurdt er heech wurdearre.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum