Wurkje, wenje, wille
wol it jongfolk wol op ta,
want wa wol net in glimke ha
fan yn it wykein chille.
Hâld goed koers mei klauwen
nei it kapitale oard,
wa’t soks net kin, giet troch foar kloat,
de aap komt út ‘e mouwe.
Fyftich flotte fammen
sykje hearen yn it griis,
dy’t trochgean foar it slach healwiis
om ien kear noch te flamjen.
Pubers, smyt jim slogans
tsjin de saaie polityk
en skatterje jim tosken bryk:
se fine jim ûndogens. |