Yn felle kleuren leit er op ‘e brêge
te wachtsjen op ‘e ûndergong,
de djipte yn om dêr syn drege
sûgjen as in wetterlong
de nacht en dagen troch te setten,
foar’t de weagen mei in sprong
oer de greiden gean, de lege…
… net ieuwen noch bestân tsjin wylde wetten
fan stoarmfloed, heger as yn ’t jier
doe’t minske, bern en dier ferdronken;
mar de kleuren binne ier
genôch de djipte yn, fersonken
om te pompen dat it wier
sa rint mei droege skonken.
|