’t Wie ien en al beweech,
it fûgelwrâldsje yn panyk,
want frjemden krongen yn har ryk
en dêrom waard it libben dreech.
De markol rôp fan: mar
dit jout ús wrâld in frjemde draai,
de ein fûn hjir de ein fan wei,
dat elkenien wie it te bar.
Se setten doe de oanfal yn
mei wylde lûden fol fan haat,
har kamp smiet frjemden fan de kaart,
sloech alle koarsang yn de wyn.
Mar ’t hie ferbylding west,
it fûle striden wie wiswier
tsjin resten fan it smoarchste dier,
dy hiene harren wrâld ferpest.
|