Har libben waard behearske troch
in stadich gean leech by de grûn,
in glêde streek as ’t flakke sok
en einleas oan it gliden bûn.
Oant op in dei se glieden oer
elkoar, in fruchtber stik omheech,
foar har gefoel fan koarte doer,
mar ’t brocht de omkear wol teweech.
De reade klaver waard de peal
dy’t fierde har nei boppen ta,
in iepenbiering foar de siel,
in einich gliden foar dy twa.
|