It sinde him dy moarntiid net,
hy hie de eagen amper iepen
of hy waard foar joker set,
foar ’t earst yn syn bestean fersliepen.
De tsien kollega’s yn de pronk
beseagen laitsjend syn ellinde,
hoe’t er yn de fearren sonk,
wat yn it hert stiek, him min sinde.
Beret socht hy it hegerop:
in argumint foar hoe’t it barre
koe, hy seach in sinnestop,
dat wie syn kâns om him te warren.
De tsien kollega’s socht er op,
dy soene rap syn gloede fiele,
heger kamen kop en krop,
syn fearren waarden sinnestrielen.
|