Hoe hat it folk as beam
him troch de tiid ûntjûn
mei woartels yn de grûn
en tûken as it team.
De heit fan ’t heitelân,
oranje wie syn kleur,
bespile yn majeur
it folk mei fêste hân.
Doe klonk ’t fatale skot
as tromslach yn mineur,
oranje sûnder fleur:
‘Begrutsjen, o myn God!’
Mar triedden hâlde fêst
wat lang de stam fersiert,
Wilhelmus, ’t âlde liet,
klinkt yn majeur it bêst.
Op ’t keninklik paleis
of yn it stadion
is ’t hert net fan beton,
mar fan oranje fleis.
Klinkt it fatale skot,
dan slacht in part fan ’t hert
derôf en wurd wurdt wet:
‘In goal, in ramp, o god!’
|