Sjoch hoe heech de bulten lizze,
rikjend fan de hjitte hei
fan hieltyd mear, it leafst net minder;
in lege bonus is der noch net by,
oars sil ús lân de banktop misse.
Sjoch de findels langút klappen
foar de kristen-polityk
fan tuike tuike, noch net minder,
oars reitsje al ús bankgebouwen bryk:
de top sil oer de grinzen stappe.
Sjoch de brêge yn de fierte
nei it rynske bûtenlân,
foar al dy graaiers: soademiter!
Jim fleane rikjend nei it hjitte strân
om dêr yn streekjespak te switten. |