|   Se kleurje altyd grien fan boppenyn de waarmte fan ’t klimaat
 dêr’t minsken brún fan wurde,
 drinkend yn it koele skaad,
 drok yn petear mei hjitte koppen.
 Heech steane se op grize steltenyn it lije sâlte wiet,
 it minskdom imitearjend,
 dat it leafst op stelten stiet,
 in hekel hat oan de bedelte.
 Hjoed skaaie tûken nei it witeyn de kjeld fan ús klimaat
 dêr’t minsken hjit fan wurde
 mei har alvestêdepraat…
 dit fjoer lit moarn it iis wer slite.
 
 |