Hy hâldt de rêch de ieu troch rjocht 
en rjochtet ek de earms foar ’t lykwicht 
om de stoarmen te trochstean, 
hy boartet op ‘e boaiem mei it ljocht 
lykas in bern, noch mannich jier te gean. 
Mar as de wyn waait as passaat 
en swypket dei en nacht de weagen, 
dy’t ferfrette it koraal, 
dan spilet net in beam mear foar soldaat, 
fertelt it rotsplato in oar ferhaal. 
  
It sie skeat woartel yn de skreef 
en groeide út ta stam en tûken, 
dy’t har bûgden op ‘e wyn, 
lykas âldman fergroeid, de bonken skeef, 
mar taai as hier de fiere takomst yn. 
 
  |