De flagge hinget alle dagen út,
mar ’t is net inkeld foar de sier,
de frou wol graach de man befrije
fan tefolle hier.
In swiere motor glânzet achter ’t rút,
it manljuseach kin dêr wol oer
en mei de frouljusglimk ek lije…
op moderne toer.
Hjoed hinget op ‘e toer de flagge út
foar ien dei yn dat iene jier
doe’t sy fan fierren Snits befrijden
fan wat weage swier.

Moarn sjocht de man wer nei de motor út,
de helm komt op it koarte hier,
op folle toeren tusken greiden
rydt er withoefier. |