Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Om it hûntsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De knal klonk lûd oer wiet en gea,
want flessegas kroep troch in lek
en fjoer stiek doe de brân deryn,
it hûntsje gisele fan ’t dek
en trille oer de hiele lea.

Panyk, kontakt mei ien-ien-twa,
doe trije putsen op it fjoer,
sirenes oer it wiet en gea,
twa slangen, mar de brân wie oer,
lykwols it hûntsje gûlde sa.

It libben rekke yn balâns
op ’t bankje by in sigaret,
in frijend pearke nêst in fyts,
mar mei it hûntsje woe it net,
dus kaam de diere-ambulânse.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum