Yn deselde tiid
dat wy ûnder
kleurebôgen
fan de maitiid
rinne, ’t wûnder
skôgje, rûnten
sûnder skerpe
kanten, rûkend
swiet fan stribjen
nei de oanset
fan nij libben…
yn dyselde tiid
leit syn grêf
swier ûnder
blommen, deade
kleuren, net
rûkend mear,
inkeld sprekkend
fan hoe sear
libben die,
brekkend yn
brokken as
oanset ta dea.
|