januari 6, 2026

Om de kop in wite sjaal,
de warings folop laden
mei wat levere it winterwaar,
sjoch myn ferline yn de rêst.
Mar it sprekt myn jongestaal,
’t ferhaal fan yn de winter
sliepe ûnder izer yn de durk,
bewekke troch de hege mêst.
Mei myn azem as in wolk
dy’t snijde op ’e tekken
wylst ik op it iis te dreamen lei
oer waarme poeier yn de roef.
Miuwen fleagen oer de Kolk,
lûd kriezend fan de honger,
wylst myn azemwolk joech inkeld snie,
it waar wie foar de miuw te stûf.
Wekker skrok ik fan in lûd,
it hakjen fan de bile
op it iis, heit makke moarns in bit…
doe waard ik wekker út myn dream.
januari 1, 2026
december 29, 2025