It is wer neat, sa sizze wy,
it hat neat west en ’t sil neat wurde,
de ynflaasje komt der ek noch by,
wy reitsje yn it no behurde.
En Preker seit, ’t is neat mei neat,
it neare neat is ’t allegearre,
want hoe’t de wyn ek draait en beart,
it hat him oan in hert mankearre.
Wy sjogge yn de beam in gat,
it hert is út it lichem hoarte,
’t lege neat is wurden ta in god
dêr’t wy foar op ‘e knibbels moatte.
En Preker seit, do god fan neat
tinkst nea oan minsken fan foarhinne,
hast dyn lege hert nei ’t no ta keard,
dyn bernsbern ha neat mear te winnen.
Mar Gerrit ** sjongt it heechste liet
fol fan de ûndergeande sinne,
read fan leafde en dy’t moarn wer biedt
in hert om op ‘en djipst te kennen:
‘Leafste, stoarje yn dyn eigen hert,
de hillige beam dy waakst yn dij;
fan wille rinne de hillige tûken út
en alle triljende blossems derbij.’
* Nei oanlieding fan de oekumenyske tsjerketsjinst
op 30 desimber 2007 yn Itens
** Gerrit Breteler
*** De earste fjouwer rigels fan ‘The two trees’
fan William Butler Yeats
Fryske oersetting: Eppie Dam |