De hichte liet de bloei al sjen…
mar ’t wetter wie noch kâld,
de stammen seagen derop del…
dy’t foelen wiene noch net âld,
de maitiid libbe as in bern…
de tichte wein wie as de hel.
De peallen stiene yn ’t gelid
lykas in deadewacht
en seagen op it needlot del,
de silte naam de stam yn acht,
foar twa kaam sa de lêste rit,
de wierheidslûden klonken skel.
De lichte liet de blommen sjen,
de bloei wie út it libben wei,
it wetter spegele de P,
wat neat oer ‘net parkeare’ sei…
betsjutting giet al gau ferlern
as ’t needlot eaget as de see.

|