Hjoed leit de loft in baan
op ’t wetter as in loper
nei de Snitser oseaan.
Want nei de winter skynt
de sinne folle sterker
as de stêd de Snitser bynt.
En losser wurdt de geast
dy’t waait mei alle winen,
nei it easten noch it meast.
De skippen lizze klear,
de farlju kinne kieze
út wat lykje mar in pear.
De blauwe bylket grut,
it frachtskip is in lytse,
mar dy farre hjoed net fuort.
Want op in oseaan
heart earder wat seeweardichs
om de weagen te ferslaan.
Sjedêr de Nautilus,
by ’t Snitser folkje passend,
yn dy geast begjint it dus.
|