De mûzefalk yn hege flecht
en ’t brede driuwen op termyk
brûkt beide eagen foar it sicht,
se wurkje lykwols net gelyk:
it lytse sjocht it grutte oan,
dan is it grutte finster ticht,
mar jout de mage honger oan,
dan skoot in flues foar ’t lytse rút
en sjocht it grutte ’t lytse skoan:
in grize mûs, te let foar flecht.
Ik klim ek heger tree foar tree,
slaan op ‘e top de wjukken út,
myn fantasy giet op ‘e flecht:
de Snitser mar as wide see,
de kym foarby lyts Fryslân út,
de grutte wrâld wurdt libbensecht
mei iepen eagen, beide blyn
foar mûzeflecht foar mûzefalk,
de greppel troch it wolgers yn…
ik gean wer leger tree foar tree.
|