Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Monuminten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Us mem hat boatsjes teard,
it iene nei it oare,
safolle as ik hawwe woe,
mar ik ha soks noait leard.

It lei net oan har tear,
it siet net yn myn genen
dat ik papier bewurkje koe,
’t mislearre kear op kear.

Image

It waard in monumint,
dat boatsje yn sân tearen,
in oantins oan de memmehân,
it hie net better kind.

Us heit hat skûtsjesyld,
it roer yn skippershannen,
in foarbyld foar syn âldste soan,
mar ik ha dat noait field.

It lei net oan syn roer,
it siet net yn myn genen,
it stjoeren stie my minder oan
as dat ik inkeld foer.

Image

Ik seach ’t as monumint,
it skûtsje op ‘e sokkel,
it teken fan de heitebân,
’t hie amper better kind.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum