Miuwmachtich wurdt der moarns al flein
by ’t ljocht fan tunnellampen,
mar alhiel net yn formaasje,
in rige, sa’t it liket sûnder ein…
flechttrimme foar ferdivedaasje?
Massaal wie ’t driuwen op ‘e mar
om yn de sliep te reitsjen
by it briedplak yn de maitiid;
se dreame no al oer de partnerkar
en ’t resultaat fan harren paaistriid.
Noch foar’t it daget, yn in flits,
komt elkenien op wjukken
as in start nei trije tellen;
de lege mage wiist it paad nei Snits,
dêrnei wurdt skiten op ‘e peallen.
|