Sy hat gjin sliep yn ’t sin,
sjocht út nei alle kanten,
nacht en dei, gjinien is har te min,
de dame foar de klanten.
Gjin earen foar muzyk,
sy hâldt har dôf foar ’t balten,
sjocht nei glûpers, wa is har gelyk,
sy is foar elk de halte.
Mar oan de oare kant
fan Snits leit sy te sliepen,
want it hat der yn de nacht om spand,
sy stie foar alles iepen.
Gjin earen foar de dei
en each foar iere gasten,
dreamend rint sy ’t nachtlik barren nei,
it spul dat sliepleas paste.
|