juli 17, 2023
It is grif gjin ambysje
sprutend út it minske-aard
om hegerop te kommen,
om te winnen fan de konkurrint,
it goud blinkt boppe ’t sulver út…
mar sy sit hjir op yntuysje.
Noch foar ’t de griene snilen
komme boppe ’t wetter út,
hat sy op yntuysje
deade reiden oanfierd foar har nêst,
ambysje is gjin sprake fan,
nei ’t eigen aard hat sy it spile.
Foar har sil goud net blinke,
aaien lizze oan har hert
om letter út te kommen,
yntuysje soarget foar de groei
en slút de konkurrinsje út,
lit wol har skerpe striidrop klinke.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024