Hy hat syn warber libben hân,
beweecht troch krupsjes hast net mear
en fielt him neaken yn de wrâld;
hy siket skûlplak yn it lân
fan oerfloed, docht de hannen gear,
sa heart it foar wa’t is al âld.
Sy is noch jong, hat al in bern,
stiet efkes stil yn ’t waarme sân,
want swier is ’t dragen fan de wrâld;
oan har is ’t sjouwen net te sjen,
it libben hat sy yn de hân,
har eigen en yn mannichfâld.
|