Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Maitiidshjerst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se ha de hiele simmer treure,
mar it waar wie der ek nei,
de stedslju seurden om de dei
oer wetter mei tefolle wyn,
in wike mei de smoar goed yn,
omdat gjin seil de mar opfleure.

Mar yn de maitiidshjerst is ’t sûzjen,
dreame oer wat hinget bêst,
want alle blêden sitte fêst,
se sille hjoed wer simmersk rûzje.

In kilometer nei it easten
stekt it moarntiidskoeltsje op,
hoewol’t de brêge gappet: stop;
twa reade lippen boppe ’t dek
fertelle: ticht bliuwt noch de bek,
want middeis komme faak de measten.

Stil oan de kaai leit noch te sliepen
’t wite skip mei oan de mêst
de flachjes, kommend út ‘e rêst,
de dei brekt foar de seilen iepen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum