Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lykwichtich bestean

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy is djip yn de slomme sakke
mei syn hammersnaffel yn de rêst
en skerpe klauwen foar hâldfêst,
gjin klopjen hat him wekker makke.

Gjin each foar harmony fan kleuren:
griene tûke yn kontrast mei read,
swart-wyt derby as glês-yn-lead,
lit keunstners mar oer lykwicht seure.

Wannear’t er heart de lette kloppen,
skrikt er wekker, sjit er yn de stress
en makket wjuk en sturt wer fris,
yn lykwicht, want hy bliuwt wol boppe.

Image

Wol each no foar de griene tûke,
want nei ’t kreazjen moat er oan de slach
mei hammerslach, op ’t brochje wach,
dat yn de snaffel giet as koeke.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum