It taaste djip yn ’t moed,
noch sterker, ’t wie traumatysk,
de iene waard apatysk,
de oare stresste fan it bloed.
It mûske, noch in bern,
besefte ’t drama amper,
it kaam der mei in skamper
ôf, terapy wie neat foar him.
De hazze kaam oerein,
ferstive as in deade,
waard mislik fan it reade,
wie foar syn hiele libben skeind.
De ielgoes, swart yn ’t pak,
oars plechtich ûndernimmer,
it leafst net yn de simmer,
ferleagene fan eangst syn fak.
De blauwe reager, hiel
bedaard yn it begrutsjen,
die noch in winsklik wurdsje
en slokte ’t lyk lyk troch de kiel.
|