In byld dat sprekt fan de natoer,
noch grien fan ierdske hope,
mar dêrboppe ûnnatuerlik wyt,
struktuer fan koarte doer,
dy’t komt en ek wer giet,
it blau kin streken slope.
Gjin stobbewylch wurdt in raket
om nei it doel te sjitten,
dat de poel feroaret net yn bloed;
der is in krús troch set
wat bringt yn need en noed,
de flecht lit dat sels witte.
De ierde wit ek fan de floed,
milennia foar ’t sjitten,
boppedat fan ’t bôgjend kleurpatroan:
de himel jout in groet
foar hjoed en ek foar moarn,
gjin byld om te ferjitten.
|