Sjoch nei it ljocht wat dat net docht
en wat it hjoed al dien hat,
betize seach ‘k dernei en tocht:
dat dit foar my bestien hat.
De strielen skeaten oer de dyk
en mongen har mei dize,
foar my in trochgong… in ûntwyk
of om de wei te wizen?
Gjin driging sette oan ta flecht,
de wei dus, mar wêrhinne?
‘De djippe hichte is der echt,’
dat hearde ‘k fan de sinne.
Dat sizzen wiisde my it paad,
in wrâld gie foar my iepen,
de beam liet sjen it lange skaad,
struktueren dy’t my griepen.
|