Der binne fêste streken:
skieding tusken wiet en loft,
ek tusken blau en grien…
hoe lang hat hy yn ’t lânskip stien
foar ynspiraasje? Faaks in skoft
of sloech it ljochtsjen yn as teken?
In teken dat him rekke:
skieding tusken twa kear ljocht,
de kym om oer te gean…
oan diskant bliuwt er leaver stean,
om’t ynspiraasje derta brocht
de eigen kimen oer te stekken.
It skaad falt oer de eagen,
want it ljocht komt djipper wei
foardat it doek it heint,
it rûnom slagge tinten reint,
wat is it teken fan de dei,
dat strieljend yn de keunstner weage. |