maart 25, 2019
De tûken stekke wyld derhinne
op ’e skieding tusken keal en grien,
de beamsjirurch klimt nei de hichte
om de dea bylâns te rinnen.
De motor raast om ’t pleit te winnen
fan de dea dy’t delploft as in stien,
de beamsjirurch bliuwt op ’e hichte
foar it opgean fan de sinne.
De stilte falt der samar hinne,
sûnder plof, de dea is hinnegien,
it maitiidsgrien hat him ferplichte
om net kreakjend mear te stinnen.
Sjedêr it libben fan de tûken,
dy’t fereale sjonge op ’e wyn,
de fleur komt binnen troch de sinnen,
de tiid fan ’t jier is rynsk te rûken.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024