It moarnsljocht socht har lege stoel
en skampte oer de tafel hinne,
want se soe wol efkes rinne,
mar it hie gjin inkeld doel.
It spul hie hjir it doel ferlern,
stie klear om fierderop te libjen,
’t is teminsten noch it stribjen,
mar ’t wie net om oan te sjen.
De frachtwein koe it amper yn,
hoewol’t se jierren al allinne
wie, net folle mear te winnen,
want se rekke stadich blyn.
It jûnsread sil syn bêst noch dwaan
om efkes by har yn te skinen,
sil de bline leechte fine,
dêr’t gjin ljocht mear is te jaan. |