Ik fyts op dizze krystjûn
om de ljochten
fan klipper, tsjalk en skûtsje
digitaal te heinen…
… troch stegen en strjitten
dy’t, nei de rjochten
fan keapsiik folk,
folslein ferlitten
lizze te wachtsjen
op ‘e stappen
fan man en ezel
en op ‘e ingelewolk,
mar as ’t begjint te drippen,
sipelt allinnich it skynsel
fan seilen en fokken
op it dek fan de skippen…
… en rûzje autobannen
oer ’t spegeljend asfalt
op wei nei it feest
fan ’t âlde ferhaal
yn elk syn taal. |