Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krasse en koere

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy waait mei alle winen mei,
de swarte flerken breedút spraat
en hâldt fan fûle twirren,
libbet as opportunist,
fynt altyd wol in oare maat
dy’t mei him krast: ‘Dit is ’t,
wy bliuwe hjirre!’

De fleugel is syn bêste freon,
dy’t him de krekte wynstreek wiist,
wylst is hy op in hichte
dêr’t gjinien him rikke kin
en hy om ’t lege folkje gniist,
syn macht útkrast: ‘Ik bin
dy’t wiist op plichten!’

Sy hearre rop en razen oan
en dûke efkes yn elkoar,
mar skodzje op de fearren,
hawwe ommers neat noch mist:
de iene is der foar de oar;
sy koere lûd: ‘Dit is ’t,
foargoed tegearre!’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum