Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kranich

Lyrysk Deiboek

Kranich

Gjin kraan tilt, al hoe sterk dy is,
in toer út it ferline,
want dy tiid komt net werom…
de skiednis lykwols lit him fine.

Ferhalen komme út ’e grûn
en soms ek út it wetter,
wa’t hjoed libbet, giet weom
yn tinzen, wat is goed foar letter.

Sjedêr in kraan dy’t sterker is,
dy koe ’t kastiel wol hifkje,
kom dêr ris op ’e strjitte om,
lit ús net langer stean te wifkjen.

Set op dy helm, it is dy jûn
om foar de faam te striden,
foar ivich krigesto de rom…
wa’t kranich is, giet oer de tiden.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum