As de spjir riist boppe keale tûken
nei in nacht mei froast en snie,
de moarntiid wit mei ’t spul gjin rie,
dan wol it noard de geasten lûke.
Frije geasten dy’t der net fan grize
om te fleanen yn de kjeld
as guozzen om’t de wjukslach telt
en mocht ien al de koers ferlieze…
Tusken snobberswinkel en La Bamba
stiet Gerbrandy yn de kjeld,
foar Friezen yn de slach de held
dy’t him net foar syn ôfkomst skamme.
|