juni 21, 2021
As wiene se op stokjes prippe
foar fersiering bûtendoar
fanwege grizens yn de winter,
sûnder kleur giet nocht teloar,
swart-wyt kin oan ’t palet net tippe.
Sy witte neat fan komposysje,
ha har deljûn mei as doel
de kop te stekken yn de fearren,
ôf te wêzen fan ’t gefoel
om deis mar wer de kop te hysjen.
De foarm kin lykwols sprekken lije
as in klavereftich blêd,
dat him no foardocht as keunstsinnich,
mar it sa net oeren rêdt…
it moarnsljocht kin de skets ûntwije.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024