Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kij, hynders en skiep

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik sjoch se alle dagen wer,
de kij, de hynders en de skiep,
se steane hjir en rinne dêr
en as se sjogge dat ik rin
en stean bliuw om nei har te sjen,
dan sjogge se dat ik it bin,
bekend fan ’t rinnen en it stean
en witte wat ik daliks doch:
ik fluitsje, sis in wurd of wat
om dan wer fluitsjend troch te gean,
wylst yn my omgiet wat der yn
harsels sa spilet by it sjen
en hearren fan dat grutte bern,
dat praat, mar yn in frjemde taal,
syn tinken út ‘e holle yn
gjin boe-boe, hi-hi of bè-bè,
mar docht syn eigen feeferhaal:

‘Jim rinne wer fan stâl nei lân,
in rige lang mei ’t lege jaar,
fan lêst ferlost, jim ha ’t wer hân,
tefreden fierder, sa te sjen,
wol fjirtich memmen, sûnder bern…’

‘Jim binne by elkoar, noch wol,
do merje mei dyn fôle, bist
sa fredich oan it fretten, gol
mei leafde foar dyn folgjend bern,
sawat al puber, wannear’t is ’t
datsto foargoed him misse silst?’

‘Jim lizze, stean of rinne wat,
in keppel skiep, by elk fan jim
twa-trije lammen achter ’t gat,
dy’t sturtsjeswaaiend ûnder ’t jaar
sa mei de molke tagelyk
de leafde krije fan in mem,
net wittend dat sa rûch en raar,
in reade streek oer wollen rêch
’t begjin is fan de nare ein
fan alle leafde, yn molke sein.’

Ik sjoch se alle dagen noch,
ik fluitsje, rin, bliuw stean en sjoch
en wit, it tinken en it praat
fan minsken nimt gjin bist te baat.

Image

Image

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum