maart 11, 2019
Der sit op ’t each gjin libben yn,
it liket allegear noch keal,
mar wat net is, kin komme,
wat men sjocht, is skyn.
Wol fleach de fleugel op ’e wyn
fier fuort, de mêst stiet no foar peal,
de poarte wie ferstomme,
dat is wiken lyn.
De gaffel hat ferlet fan ’t seil,
dêrsûnder fart it skip mar heal;
al is de wyn ek romme,
op it each gjin heil.
Sjedêr, de gong nei boppen steil,
de kleuren binne net mear feal,
gjinien fielt him ferklomme,
libben boppe peil.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024