Hegerop, sa is it stribjen,
is men binnen, dan derút,
klim op muorren om te libjen,
bliuw net achter stien of rút.
Wa sil om de romte kribje?
Sjoch de delgong ta beslút.
Himelheech mei skerpe klauwen
om te stekken nei de kroan
en de wolken nei te bauwen
mei it wyt op blauwe troan.
Kin men op syn grutskens bouwe?
Sûnder kop is it bedoarn.
Boppe wetter is se kommen,
op in pealtsje sûnder grûn,
amper plak foar ierdeblommen,
mar se hat it lykwicht fûn.
Hat troch libbensmoed de kromme
stâle har de sterkte jûn?
|