Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kamûflaazje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It reid begûn beskieden
yn de maitiid neffens de natoer,
kaam amper boppe ’t meanfjild út,
it joech him oan it deiljocht oer
en liet him it seizoen troch liede.

Image

Op ljochtskyndei feroare
’t sicht troch mannich rjocht- en trijehoek,
de stêd kroep nei it meanfjild ta,
gjin hâlden oan, mar gjin gebrûk
yn ’t lânskip sokke smoarge spoaren.

It reid begûn te sieden
fan in grime ûnder syn natoer
en skeat fier boppe ’t meanfjild út,
it sloech sa twa seizoenen oer
om kamûflaazje oan te bieden.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum