In frjemd tafriel sa foar de mêst,
want skiep en wetter strike net,
de rok rint samar fol;
in skipper hat gjin hoederspet,
hy spilet leafst syn eigen rol.
Mar as men efkes better sjocht,
dan rint in laam der meters út
as wied er mem ta lêst;
de molke komt net yn syn snút,
hy swalket, gjin gerak en rêst.
De namme jout it byld de sin
dy’t earst noch ûnder wetter wie:
it wouterke besocht
om oan te sluten, mar yndie:
sa’n lytse boeier is fertocht.
|