september 19, 2016
moandei, 1 augustus 2005 Lit ús net mear tinke oan de âlde tiid,
doe’t de stroom noch op ‘e triedden stie,
skokkend ûnrjocht dat it kamp omsleat,
dêr’t de dea syn rûnte die,
dei út, dei yn, in stream
nei sa’t de wierheid wie:
de leechste sfearen,
it neare neat.Lit ús laitsje om wat wier is:
stekken om de camping hinne,
stroomtried by de tinten lâns,
opset foar in dei of fiif
foar koarte nachten oant de sinne
heech al oan de himel stiet,
begjint it libben, neat om ’t liif,
syn rûnte fan wat bier út blik
noch flugger draaie lit, it feest
fan lyts in wike, ik en do en ik
yn Snits, net foar de silersear,
de libbensrûnte draait om sfear.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024