september 26, 2016
Twa moannen nei it ferstjerren fan ús heit It skûtsje fan de Nije Tiid lei klear om striidleas fan de kant te stekken, dat de Skepper liet dy lêste kear syn eagen gean oer roef en dekken, wiisde oan de skipper ek syn plak op ’t helmhout, wie beslist te sprekken oer ’t gehiel, fan fleugel oant it flak foldie it oan syn goede skepping, dat de Skepperssoan kaam doe oan board om mei de skipper te besprekken dat it net mear gie om súd of noard, gjin wynstreek mei syn skrale rekken, mar in koelte nei in wankend oard en hark, de Skeppersgeast syn twirren rûzen oan en foelen der rom yn, de skipper seach it al fan fierren en stjoerde ’t skûtsje foar de wyn. Tekening fan broer Anne |
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024