Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It lêste boadskip

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It reade weintsje stiet der noch,
bestelling ‘per expres’,
it wie as kaam er nea omdoch,
hy hie syn fêst adres.

Image

Hy wenne oan de oare kant,
ik koe syn blikken wein,
mar fierder wie gjin line spand,
lit stean de peallen slein.

De foartún leine tûken yn,
de oanset ta in krús,
en stiennen hied er al lang lyn
bestimd as wolkom thús.

Image

It hûs joech gjin beskutting mear,
de muorren skreauden lûd,
it dak wie âljend yn de wear
en siet him op ‘e hûd.

Dy moarns droech hy syn krús stil mei
nei ’t stienbêd fan it spoar
dêr’t hy it lêste boadskip lei,
doe smiet er him derfoar.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum