Hy nimt himsels yn acht,
de swarte hearsker oer it fjild,
beset nei in ferovering;
wat inkeld yn syn lânsdiel jildt,
is ûnbegrinze macht.
It is gjin deadewacht,
al is syn stânplak deadlik keal,
hy is goed op ‘e hichte fan
wat bart sa tusken paad en peal,
hy nimt gjin grins yn acht.
Sa swart as neare nacht,
syn oanfal op ‘e bleate bern,
dy’t noch net witte fan ûntwyk;
it leed is net om oan te sjen,
hy hat se yn de macht.
Wat jout dan noch de skreau
fan heit of mem oan eigen grins:
yn fredesnamme nim de wyk!
It wie de alderleafste winsk
dat hy by harren bleau.
|