Se binne ’t oan de stân ferplichte
mei wolken of in blauwe loft,
’t is foar in ploechje of in kloft…
dy trije rikke nei de hichte.
It skûtsje pronket mei syn ljochten,
mar kin alhiel net sûnder mêst,
op hichte hâldt dy alles fêst,
tradysje hat al âlde rjochten.
De hichte noeget op ‘e merke
it folk dat graach nei boppen sjit,
tinkt dat it yn de himel sit,
hiel oars as ’t boadskip fan de tsjerke.
It tuorke rekket op ‘e hichte
dat tsjerken reitsje net mear fol,
de mêsten lûke grutter tal,
hâldfêst biedt hjoed de dei it lichte. |